Wurk oan Jouster rotonde
Rykswettersteat sil dit wykein op 'e nij wurkje oan de Jouster rotonde. It giet om asfaltearringswurk dat jûns en nachts útfierd wurdt om it ferkear sa min mooglik dwers te sitten. Auto- en busferkear wurdt sneon en snein fan jûns acht oere ôf omlaat.
Ein septimber begjint rykswettersteat mei de oanlis fan in twadde bypass oan de Jouster rotonde.