Jachthaven Gytsjerk iepene

07 sep 2002 - 00:00

Nei 25 jier krewearjen koe sneon lang om let de jachthaven fan Gytsjerk iepene wurde. De haven leit achter it âld suvelfabryk. De grûneigner woe earst net meiwurkje, mar nei bemiddeling fan wethâlder Nijboer koe de wettersportferiening dochs in stik grûn en wetter keapje.

De iepening waard sneon fierd mei muzyk en in lyts feestje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)