Van der Hoek yn FNV-bestjoer

© Omrop Fryslân
Ald-Twadde Keamerlid Annet van der Hoek (50) fan Frjentsjer is foardroegen foar de funksje fan siktaris fan it nije bestjoer fan FNV Bondgenoten. Van der Hoek wie fjouwer jier keamerlid foar de PvdA. Dêrfoar siet se jierren lang yn Provinsjale Steaten.
It nije bestjoer krijt it net maklik, want FNV Bondgenoten hat finansjele problemen en moat minsken dien jaan.