Oprop plysje oan dieder ûngemak

06 sep 2002 - 00:00

De plysje Fryslân ropt de dieder fan in ûngemak mei deadlike ôfrin yn Ljouwert, op him te melden. It ûndersyk fan de plysje nei de dea fan de 23-jierrige Bianca Ignatius sit fêst.

De frou waard op 23 augustus oanriden op Achter de Hoven. Se fertelde sels dat it om in wite auto gie. De frou hold lêst fan pine holle en stoar twa dagen letter.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)