40 reaksjes boargemaster Skylge

© Omrop Fryslân
Foar de fakatuere fan boargemaster fan Skylge hawwe har 40 sollisitanten melden. De hjoeddeistige boargemaster fan Skylge, Van Beukering, hâldt der 1 desimber mei op.
Under de 40 sollisitanten binne ûnder oaren 18 VVD'ers, 9 PvdA'ers en 4 CDA'ers. De measte sollisitanten binne tusken de 50 en 60 jier. De profylskets op ynternet waard goed 500 kear besjoen.