WVGers Boarnsterhim sûnder taksy
Taksybedriuw Boekema regele oant ein augustus it WVG-ferfier yn de gemeente Boarnsterhim. Taksy Seubers hat de nije konsesje krigen, mar dy kin dêr pas op 1 oktober mei begjinne.
Boekema wegeret it WVG-ferfier noch in moanne te dwaan en wol ek gjin WVG- klanten as gewoane taksypassazjiers meinimme. De gemeente neamt dat diskriminaasje en stapt nei de rjochter.