Iepening De Woudvaart yn Dokkum

06 sep 2002 - 00:00

De Woudvaart is de namme fan it nije multifunksjonele soarchsintrum yn Dokkum. Freed waard it gebou offisjeel iepene. Yn it gebou sitte GGZ, maatskiplik wurk, ambulânsetsjinst, SPD, toskedokter en ferloskundige by inoar.

It gebou stiet op it terrein fan sikehûs Talma Sionsberg. It sintrum hat hast 2,5 miljoen euro koste.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)