Kraanfûgels De Fochtel werom

10 mrt 2012 - 12:59

As alles goed giet, wurdt 2012 in jubileumjier foar de kraanfûgels op it Fochtelerfean. De kraanfûgels dy't ferline jier harren nêsten ferlearen yn de grutte brân yn it gebiet, gean yn de herkânsing. Alle trije pearkes dy't ferline maitiid oan it brieden west hawwe, binne werom.

Ferline jier hie it tsiende jier wurde moatten, mar op Peaskemoandei gie it heechfeangebiet foar in grut part ferlern troch brân. Twa pearkes wiene doe de nêsten al kwyt troch rôfbisten, it lêste gie yn flammen op.

Boskwachter Willem Kok hat net allinnich de trije briedende pearkes sinjalearre. Geregeld sjocht er folle mear kraanfûgels yn it Fochtelerfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)