De Kast hâldt definityf op
De ferneamde Fryske popband De Kast hâldt definityf op. Nefens tourmanager Johan Koster is it ôfskiedskonsert op 21 desimber yn 'e Arena yn Amsterdam. Manager Hans de Boer ûntkent lykwols dat de groep de gitaren oan 'e wylgen hinget.
De band hie al in tydlike stop fan in jier oankundige. De Kast wie lanlik sjoen de suksesfolste Fryske band oait.