Fermiste: 'eefkes kofje drinke'

05 sep 2002 - 00:00

De brânwacht fan Ljouwert hat tongersdei om 'e nocht socht nei in man dy't te wetter rekke wêze soe. By de fiver by sikehûs MCL-Súd wie in leech ynfalidekarke fûn. De finer hie de plysje belle, dy't de brânwacht optrommele.

Fia it fersekeringsplaatsje koe de eigner achterhelle wurde. De man siet gewoan earne oars oan de kofje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)