Heechste sinneblom yn Stynsgea

© Omrop Fryslân
De heechste sinneblom fan Fryslân is 5,10 meter heech en stiet yn Stynsgea. Dêrmei is famylje Poll de winner wurden fan de sinneblomwedstriid fan de jubilearjende Ljouwerter Krante.
Kommissaris fan 'e Keninginne Ed Nijpels rikte de Stynsgeasters tongersdeitemoarn de haadpriis út. It jild dat de 16.500 dielnimmers opbrocht ha, giet nei in sikehûs yn Súd-Afrika.