Optocht yn Sint Nyk
De 52e edysje fan de allegoaryske optocht yn Sint Nyk luts tongersdei wer in soad minsken. Mear as 10.000 besikers koenen sjen nei 15 praalweinen, fiif lytse bernekarren en acht muzykkorpsen.
De útslach fan de optocht wurdt freed- temiddei bekend makke. Sint Nyk fiert noch feest oant en mei sneontejûn. Der is ûnder mear merke en ringriderij.