Iedema wint Sudersé triatlon

© Omrop Fryslân
Menno Iedema fan Drachten hat woansdei de fyftjinde Sudersé Triatlon op De Lemmer wûn. Oer 500 meter swimme, 20 kilometer en 5 kilometer drave die er goed 56 minuten. Marije Siemensma út Wikel wie de rapste frou. Har tiid wie 1:06:31.
By de duatlon wie Ritske Flootman fan Menaam de bêste. Yn stee fan swimme moat der oer it strân draafd wurde.