Ryk moat skipsbou stypje

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten kinne har net fine yn it stânpunt oer skipsbou fan it ministearje fan ekonomyske saken. It ministearje wol gjin stipe mear jaan.
DS wize yn in brief oan minister Heinsbroek op de Europeeske regels. Dy sizze dat stipe meikoarten wol tastien is. Stipe is belangryk om't de konkurrinsjeposysje fan de Fryske skipsbou dan better wurde kin.