Gemeente mingt him yn ûnderwiis
De gemeente Eaststellingwerf jout de kommende tiid ekstra omtinken oan bern dy't achterrinne yn it ûnderwiis. Der is in plan op papier setten foar de kommende fjouwer jier.
De gemeente wol him benammen rjochtsje op jonge bern. Spesjaal omtinken is der foar de relatyf grutte groep Molukkers yn de gemeente.