Skriuwerskalinder en aksjeboek

© Omrop Fryslân
By de start fan de sutelaksje fan Fryske boeken freed yn Burgum binne de nije Skriuwerskalinder en it aksjeboek foar bern presintearre. Tema fan de kalinder dit jier is 'Alles wat libbet...'. In soad skriuwers lieten har dêrtroch ynspirearje.
It aksjeboek foar bern is skreaun troch Jan Schotanus en giet oer de aventoeren fan Paul en Eva op Skylge.