Nij oargel tsjerke Olterterp

04 sep 2002 - 00:00

It Hippolytustsjerkje yn Olterterp hat in nij oargel. It oargel is yn 1980 makke troch Nijland foar syn eigen wente. Nei't Nijland ferstoar waard it oankocht troch de St. Alde Fryske Tsjerken, eigner fan it tsjerkje.

In oargelmakkerij hat in tal ferbetterings oanbrocht. Boppedat hat in Eastenrykse keunstner der houtsnijwurk by makke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)