Venema hâldt op as iismaster

© Omrop Fryslân
Piet Venema hâldt op as iismaster by de Feriening fan Fryske Alvestêden. Hy sil dus net mear einferantwurdlik wêze foar de kwaliteit fan it iis by in folgjende alvestêdetocht. Jan Oostenbrug folget him op. Hy is no foarsitter fan it gewest Fryslân fan 'e KNSB.
Venema (69) waard ein tachtiger jierren iismaster by it Alvestêdebestjoer, doe't Henk Kroes foarsitter waard.