Plannen foar sintrum Harns

03 sep 2002 - 00:00

Harns moat oantrekliker en geselliger wurde foar toeristen. De gemeente hat in plan makke om de binnenstêd te fernijen. De winkelstrjitte, Voorstraat, moat kuiergebiet wurde en der moat mear romte foar terrassen komme.

Ynwenners fan de havenstêd kinne yn septimber op de plannen reagearje. Yn Trebol is woansdei in ynformaasjejûn mei de presintaasje fan de ideeën.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)