Minder enerzjy brûke
Yn Noard-Nederlân moat twatredde minder enerzjy brûkt wurde. Dat is de konklúzje fan trije Miljeufederaasjes en de Waadferiening. De útstjit fan C02-gassen moat werombrocht wurde en der moatte mear duorsume enerzjyfoarsjennings komme.
Om dat te berikken moatte boargers har oanpasse. Minder autoride en mear enerzjysunige apparaten yn 'e hûs brûke.