WVG-ferfier yn 'e knipe

03 sep 2002 - 00:00

Handikapten en âlderen yn Boarnsterhim moatte it taksyjild dizze moanne sels foarsjitte, sa stelt de gemeente foar. Letter krije se it jild dan werom.

It WVG-ferfier yn 'e gemeente rint net goed. Fan 1 oktober ôf giet it oer nei in goedkeapere ferfierder yn Drinte. It kontrakt mei taksybedriuw Boekema dat it oars die, is op 1 septimber ôfrûn. Foar de tiid dêrtusken is neat regele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)