Ljouwert wol pesten bestride

03 sep 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert sil wat dwaan oan it pesten yn it fuortset ûnderwiis. Op foarstel fan 'e PvdA en de VVD wurdt dêr in plan fan oanpak foar makke. Wethâlder Krol warskôget fuortendaliks al foar te hege ferwachtings.

It Ljouwerter plan makket mooglik steat op subsydzje fan it ministearje fan Underwiis. No wurkje guon skoallen al mei in 'pestprotokol'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)