Mear busferfier yn súdeasten

© Omrop Fryslân
Arriva is moandei op feestlike wize begûn mei it busferfier yn Súdeast-Fryslân. Arriva fersoarget dêr de kommende seis jier de buslijnen.
Arriva set nije bussen yn, mei in legere opstap. Boppedat sitte de stuollen nofliker. Ek is it tal lijnen útwreide en ride der moarns en jûns mear bussen. Alle doarpen mei mear as 250 ynwenners ha no in busferbining.