Ferlies foar SC Hearrenfean

01 sep 2002 - 00:00

SC Hearrenfean hat snein ferlern yn Roosendaal fan RBC. De Friezen krigen net folle foar elkoar. De thúsploech skoarde trije kear. It earste doelpunt foel al binnen oardel minút nei't de wedstriid begûn wie.

De ploech fan trener Foppe de Haan moast de Sweden Edman en Selakovich misse fanwegen blessuereleed. De Friezen ha noch mar ien punt út trije ronden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)