Oarder fersteurd yn Dokkum

© Omrop Fryslân
De plysje hat fiif fertochten oanhâlden yn Dokkum. Sneontenacht waard de oarder fersteurd by de Ealsumerpoarte. In pear lju sloegen op it rút fan in yttinte.
Nei't de plysje frege dermei op te hâlden, misledige ien de plysje. It publyk, 60 oant 80 man, bemuoide him dermei. It waard frege fuort te gean mar die dat net. De strjitte is mei geweld ûntromme.