Lisfytser by botsing omkommen

© Omrop Fryslân
In lisfytser is snein as gefolch fan in ûngelok ferstoarn. De man kaam út de rjoching fan Ljouwert en stuts de Westergoawei oer. Hy kaam yn botsing mei in automobilist (40) út Sint Anne.
Twa ambulânses en in traumahelikopter wienen gau op it plak. De man is op it plak sels ferstoarn. De plysje ûndersiket it ûngelok. De identiteit fan it slachtoffer is net bekend.