Man ferstoarn op it Waad
In man fan middelbere leeftyd is sneon ferstoarn. Hy wie mei in groep te waadrinnen fan Pieterburen nei Skiermûntseach. Underweis waard er net goed.
De dokter fan it eilân, de ambulânse en de SAR-helikopter waarden warskôge. Se koenen de man net mear reanimearje. It lichem is mei de helikopter nei de fêste wâl oerbrocht.