Twa strjitrôvers achterfolge

31 aug 2002 - 00:00

Nei in lange achterfolging yn Ljouwert hat de plysje freedtenacht twa strjitrôvers oppakt. De twa hienen in man (64) op de Twibaksmerk oerfallen en har tas meinaam. In tsjûge seach it en gie derachter oan. Hy waard letter sels te pakken nommen.

De plysje hâlde de earste fertochte yn de Harnzerstrjitwei oan. Letter waard de oar fûn. Ek de tas kaam boppe wetter.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)