Yn de rige foar Youp van 't Hek

© Omrop Fryslân
Sneontemoarn om njoggen oere begûn de kaartferkeap foar de try-outs fan Youp van 't Hek. In lange rige minsken stie al oeren te wachtsjen by De Harmonie.
Der binne 3700 kaarten foar de fjouwer foarstellingen dy't de kabaretier yn novimber yn Ljouwert jout. Per persoan kinne seis kaarten besteld wurde. Der wienen oan de ein fan de dei noch hûnderten kaarten oer.