Ferskate Maxima's op Gondelfeart

© Omrop Fryslân
De 57ste edysje fan 'e Gondelfeart fan Aldeboarn luts freed 10.000 minsken nei it doarp. Dy seagen tsien oanklaaide preamen en trije muzykgondels fan neffens de kenners hege kwaliteit.
De Keninklike Brulloft fan febrewaris wie in tankber ûnderwerp. Op de Gouden gondel dogge ferskate Maxima's in goai nei de troan. Sneon waarden de winners fan de Gondelfeart bekend makke.