Nij kompleks SC Joure iepene

31 aug 2002 - 00:00

Wethâlder Van Beek fan Skarsterlân hat sneon it nije sportkompleks iepene fan SC Joure. Foar sa'n oardel miljoen euro hat de klub fjouwer nije fjilden krigen en nije húsfesting.

SC Joure is der noch net. Yn ferbân mei de bekerwedstriid tsjin Vitesse 2 hat de klub foar novimber fjildferljochting nedich. As dy der net op 'e tiid is, wurdt de wedstriid earne oars spile.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)