Tankauto mei molke fan 'e dyk

31 aug 2002 - 00:00

Op de A32 tusken Akkrum en Grou is sneontemoarn betiid in tankauto mei molke fan 'e dyk rekke. De plysje tinkt dat de sjauffeur yn sliep fallen is. De auto kantele, in part fan 'e molke bedarre yn 'e sleat.

Wat noch yn 'e tank siet is oerpompt nei oare tankauto's. It bergjen fan 'e auto duorre in pear oeren. It wetterskip ûndersiket de sleat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)