Boeren meie dong langer útride

31 aug 2002 - 00:00

Boeren op sângrûn kinne twa wiken langer dong útride oer it lân. Dat hat minister Veerman fan lânbou freed besletten. Gewoanwei mei op sân mar oant 1 septimber dong útriden wurde, mar fanwege it tige wiete waar koene in soad boeren harren lân net op.

Dong útride soe oars pas wer meie op 1 febrewaris takommend jier. De NLTO is wiis mei it beslút fan 'e minister.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)