Cambuur ferslacht VVV mei 4-1

© Omrop Fryslân
Cambuur wûn freedtejûn yn eigen stadion mei 4-1 fan VVV. Jan Bruin wie mei 3 goals de man fan de wedstriid. Bruin wie tige bliid mei de goals, want hy hie dizze kompetysje noch net skoard. Ties Heldens makke de fjirde goal.
Nei it ferlies tsjin de amateurs fan De Jouwer en ferline wike tsjin Haarlim wie it in goeie oerwinning, fûn ek Cambuur-trainer Rob McDonald.