Friezinne yn filmhit
Yn de nije Austin Powers film, Goldmember, docht in Fries om utens mei. Dat is Annamarie Goddard-Lampe, foarhinne ynwenster fan Ysbrechtum.
Goddard hat in lytse rol, sûnder tekst. Yn it ferline hat se wurke as model en kommersjals dien. De Friezinne, dy't al tsien jier yn Amearika wennet, hopet oan har optreden yn Goldmember gruttere rollen oer te hâlden.