Koart pleit meiwurker tsjin SCI

30 aug 2002 - 00:00

In meiwurker fan SCI op It Hearrenfean wol mei in koart pleit besykje oant de definitive sluting fan it bedriuw dêr oan it wurk te bliuwen. De 60-jierrige Jaap Baerveldt wurket op kontraktbasis.

Nei de bekendmakking fan de sluting op 1 augustus, krige hy in skriftlike tasizzing dat hy oant ein desimber bliuwe koe. Mar in pear dagen lyn hear- de hy dat hy der 1 septimber al út moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)