Deade man fûn yn Stienzerfeart

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitejûn it lichem fan in man fûn yn de Stienzerfeart, by de Wythusterwei. It giet om in man fan 45 út Stiens dy't woansdeitejûn foar it lêst sjoen waard.
Hy gong doe yn ferwarde tastân op 'e fyts fan hûs. De plysje hat tongersdei mei in boat en in helikopter nei de man socht. De deadsoarsaak is ûndúdlik. De plysje tinkt net oan in misdriuw.