Ynsammelaksje lege flessen

Yn Ljouwert is sneon in ynsammeldei fan plestik flessen om it staasjejildsysteem te stypjen. It kabinet wol dat miskien ôfskaffe, mar Stichting Ons Statiegeld wol it krekt útwreidzje mei lytse fleskes. De stifting ferwachtet dat dêrmei minder ôffal op strjitte telâne komt.
Yn it sintrum fan Ljouwert stiet sneon in grutte wein dêr't minsken flessen ynleverje kinne foar tsien sint it stik. Dy stiet dêr oant fiif oere sneontemiddei. De aksje wurdt letter ek yn oare plakken yn Nederlân hâlden.