Kroes: minder alvestêdetochten

30 aug 2002 - 00:00

Foarsitter Kroes fan 'e feriening 'De Friesche Elf Steden' ferwachtet dizze ieu de helte minder alvestêdetochten as yn 'e 20ste ieu. De klimaatferoarings mei hegere temperaturen makket de kâns op strange winters lytser, tinkt Kroes.

Yn 'e 20ste ieu wiene der noch 15 alvestêdetochten. Dizze ieu sille dat der 7 of 8 wêze, tinkt Kroes. De lêste alvestêdetocht wie yn 1997.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)