Soad oertredingen by kontrôle
By in ferkearskontrôle op de A32 by Akkrum gie tongersdei in tredde part fan de frachtweinen yn de fout. De miljeu- en transportkontrôle wie diel fan in projekt fan de regioplysje Fryslân. Dêrby waard gearwurke mei de provinsje, dûane en de ynspeksjes fan VROM en de Ryksferkearstsjinst.
Der waard ûnder oaren kontrolearre op papieren en gefaarlike stoffen.