Epemastate útwreide mei greide
Ryksmonumint Epemastate by Ysbrechtum wurdt útwreide mei in pear stikken greide. It lân is troch it ministearje fan OC&W ferklearre ta monumint. Dat bart hast nea.
Troch de monumintestatus kin it lân om de state hinne net tichtboud wurde mei wenningen. De stikken lân dy't tafoege binne, lizze achter de state en by de A7 lâns.