ISO-sertifikaat by KfK Ljouwert

29 aug 2002 - 00:00

De Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert krijt freed offisjeel in ISO-sertifikaat. Neffens de Keamer past dat by de ferbettering fan de kwaliteit dêr't al in pear jier oan wurke wurdt.

Alle wurkprosessen binne beskreaun yn in elektroanysk hânboek. Alle meiwurkers kinne dat hânboek op harren wurkplak ynsjen. De wurksumheden kinne dus altyd neffens de regels barre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)