Foet kwyt by bedriuwsûngelok
By in bedriuwsûngelok is in man fan 26 jier út De Westerein tongersdei slim ferwûne rekke. By Tille Scheepsbouw yn Koatstertille foel in izeren balke fan 1000 kilo út de kraan op de foet fan de man. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. De man moat syn foet misse.
De arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei hoe't it ûngelok barre koe.