Lestige man út trein helle

© Omrop Fryslân
In man fan 24 jier út Ljouwert is woansdeitejûn út de trein helle. Hy hie sûnder kaartsje reizge en wie foar de kontrôle yn Mantgum útstapt. Doe't er de lêste trein nei Snits naam, waard him de tagong wegere troch twa kondukteurs. Hy stapte lykwols wol yn.
De plysje waard warskôge en hâlde de man op it stasjon yn Snits Noard oan. Hy hat in proses-ferbaal krigen.