Buertsupers wer op plattelân
Supermerkketen CoopCodis hat woansdei yn Marrum in nije winkel iepene. De eardere winkel fan Simonides is de earste winkel fan it konsern yn Nederlân. It giet om in proef fan de saneamde 'E-marktformule'.
Dy formule wurdt yn de rin fan takom jier feroare yn CoopCompact. Mei elkoar komme der 25 buertsupers op it Fryske plattelân.