Stipe oan útprosedearren stopset

28 aug 2002 - 00:00

Dantumadiel jout gjin subsydzje mear oan de Stichting Inlia foar útprosedearre asylsikers. It nije kabinet sil strang optrede tsjin sokke stipe. Wethâlder Duursma ferwyt it regear sels ek gjin oplossing te witten foar it probleem.

It giet om inkelde tûzenen euro's. Kollumerlân en Dongeradiel jouwe ek stipe oan Inlia.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)