Earste trije finalisten Liet

De earste trije finalisten fan it Lietfestival binne bekend wurden. Freed wie de earste foarronde yn Iduna yn Drachten. It binne Carla de Wal, Sjaak Weiland en de band Mosk. Op sneon 17 maart is der noch in foarronde, yn Asteriks yn Ljouwert. Dêrnei kiest de sjuery út de net selektearre dielnimmers ek nochris fjouwer.
De finale is op 5 maaie yn de iepenloft op it befrijingsfestival yn Ljouwert. De winner giet nei Liet Ynternasjonaal yn it Noard-Spaanske Astûríë.