Falske kontaktadvertinsjes
De plysje warskôget foar in frou dy't kontaktadvertinsjes set yn regionale deiblêden. Se siket âldere manlju en nei in pear ôfspraken besiket se him oer te heljen ta in flean- of boatreis. Se moatte dan jild oan har oermeitsje. Dêrnei lit se neat mear fan har hearre.
De plysje wol graach yn kontakt komme mei manlju dy't troch de frou by de poat nommen binne.