Sanearing Flyhors leit stil

28 aug 2002 - 00:00

De sanearing fan oefenterrein de Flyhors op Flylân is stillein. Dat komt omdat definsje skeel hat mei de oannimmer. Der binne problemen ûntstien oer de út te fieren wurksumheden.

Dêrby soe de oannimmer guon ôfspraken net neikaam wêze. De sanearing is oardel wike lyn út ein set en nimt inkelde moannen yn beslach. Besocht wurdt om de problemen út te praten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)