Iten útdiele by stasjon mei net

© Omrop Fryslân
Der mei noch hieltyd gjin iten útdield wurde oan Ljouwerter swalkers achter it NS-stasjon troch baptistegemeente Rehoboth. B en W fan Ljouwert hawwe dat tiisdei besletten.
Der wiene klachten kaam út de buert en fan de plysje oer oerlêst. It beswier fan de baptisten tsjin it ynlûken fan har fergunning is troch de gemeentlike kommisje beswier en berop behannele.